Simon
Vestdyk - Skriuwer
Simon Vestdijk waard op berne yn Harns. Hy studeart medisynen yn Amsterdam
en hellet syn eksamen yn 1927. In moeting mei de grutte mannen fan it
tiidskrift Forum, Menno ter Braak en E. du Perron, soargje derfoar dat
hy foar in literêre karriere kiest. Syn grutste roem hat hy ferkrigen
mei de Anton Wachter-romans. Yn syn karriere hat hy de P.C.Hooftpriis,
in ridderorde en in earedoktoraat fan de Grinzer uniferzyteit krige. Vestdijk
is ek noch de Priis foar de Nederlânske Letteren takend, mar hy ferstoar
yn 1971 foar de útrikking.
bron
http://www.ferneamdefriezen.nl/?do=list&hoe=kategory&kat=literatuer
http://www.nnbh.com/friesro2.htm
"'En dan de Tún. It is hillige grûn, dêr't wy no binne. Foar my wie
it in wonderlike tún, al foardatsto yn myn libben kaamst om mei my te
dûnsjen. Der wienen - en se binne der noch - gouden fûgels. It wie in
gouden tún. Doe seach ik ynienen al dy ynstruminten, en ik hearde dy mars,
en de sinne skittere op it koper, en se bliezen derop mei reade koppen
fan ynspanning, en doe waard it in koperen tún...'
De Koperen Tún is ien fan de bêste en meast bekende boeken fan Simon
Vestdijk (1898-1971). Vestdijk gong yn Ljouwert nei de middelbere skoalle.
Yn de Prinsetún, dy't Vestdijk in 'Koperen Tún' neamde, spilet de roman
him ûnder oare ôf. "
De koperen tún / S. Vestdijk ; [oers. út it Hollânsk troch: Jan de Jong]
Uitgave: Ljouwert : Utjouwerij Fryslân 1994 20 cm - 272 p.
90-70098-42-3
http://www.flmd.nl/vestdijk.htm
Utstalling: Vestdijk en Fryslân fan 9 oktober oant en mei 13 novimber
1998 yn it FLMD, Grutte Tsjerkestrjitte 212, Ljouwert.
geplaatst 27 oktober 2004
|